Omschrijving

Pan is in boek út 'e wrâldliteratuer dat it (nei goed hûndert jier) fertsjinnet om yn it Frysk oerset te wêzen. It is in hichtepunt fan de romantyske literatuer, mei syn natuermystyk en hertstochtlik lyryske toan.Yn 38 koarte haadstikjes ropt de ik-figuer oantinkens op fan in simmerferbliuw yn Nordland, dêr't er doe yn in boskhut libbe en fereale rekke op Edwarda, de grutske dochter fan keapman Mack. De haadfiguer fielt him sterk ferbûn mei de natuer. Yn dizze natuer moetet er op in bepaald stuit de bekende boskgod Pan. It boek hat gjin fernimstige yntrige. It giet om stimming en gefoel. It boek is hast in stilistysk raffinearre tuskenfoarm fan poëzij en ferheijend proaza. Generaasje op generaasje hat yn dit boek it eigen hert weromkend.

Kenmerken

Artikelnummer1001004001552402
EAN9789065703262
CategorieDutch Books
Prijs Nederland€ 12,95
Prijs België€ 12,95
Verzendkosten NLGratis
Verzendkosten BEGratis
Levertijd NederlandOver 2 werkdagen
Levertijd BelgiëOver 2 werkdagen
VerkoperPartner

Pan bestellen bij snelkeus

Koop Pan van Onbekend online in de categorie Dutch Books. Prijs € 12,95, levering in Nederland · Over 2 werkdagen.